It plan om in nij jeugdhonk te bouwen yn Moarre-Ljussens is de kandidaat foar Fryslân wurden yn de kompetysje Kern met Pit. Dat is in lanlike wedstryd foar ideeën út doarpen en wiken om de leefberens te ferbetterjen. It jeugdhonk sil boud wurde tusken de sportfjilden fan beide doarpen yn. It moat in moetingsplak wurde foar jongeren tusken de 12 en 18 jier. It projekt yn Moarre-Lioessens is neffens de organisaasje it bêste projekt fan Fryslân. Oant en mei 31 maart kin stimd wurde yn de Kern-met-pit-kompetysje.